Studio INAMATT wint de Vredeman de Vriespriis 2017

10 nov 2017 - 20:59

Studio INAMATT út Penjum hat de Vredeman de Vriespriis 2017 wûn. De provinsjale foarmjouwingspriis waard freed útrikt troch deputearre Michiel Schrier op it provinsjehûs yn Ljouwert. Oan de priis is in bedrach fan 5.000 euro ferbûn. INAMATT is de ûntwerpstudio fan Ina Meijer en Matthijs van Cruijsen. Sy wûnen de designpriis mei it ûntwerp Sweet Nothing, dat makke wie yn opdracht fan it Matsura Museum Hirado en de Nederlânske ambassade yn Japan. Sweet Nothing is in Nederlânske ynterpretaasje fan de tradisjoneel Japanske teeseremoanje mei teekommen fan porslein, blomsierkeunst, snobbersguod en in kimono.

Martin Brandsma en Studio Elmo Vermijs krigen in earfolle fermelding fan de sjuery. De Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing waard dit jier foar de njoggende kear útrikt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)