Twa jier sel en tbs easke tsjin terreurfertochte Hasan A.

10 nov 2017 - 20:43

It Iepenbier Ministearje hat twa jier sel en tbs mei twangferpleging easke tsjin terreurfertochte Hasan A. út Eindhoven. Dat meldt de NOS freedtemiddei. De 24-jierrige man wurdt derfan fertocht oanslaggen taret te hawwen op de fleanbases fan Ljouwert en Volkel. Ek stie der op syn kompjûter ynformaasje oer Geert Wilders en Mark Rutte en propagandamateriaal fan terreurorganisaasje Islamityske Steat.

Foarige simmer waard de man yn Eindhoven oanhâlden, om't er mei in bivakmûtse troch de stêd ried. De man fertelle ûnder de ferhearen dat er net leaut yn it Nederlânske rjochtssysteem en ynteressearre wie yn de radikale islam. Saakkundigen tinke dat de kâns op werhelling grut is. It Iepenbier Ministearje fynt it dêrom needsaaklik om tbs mei twangferpleging op te lizzen.

(advertinsje)
(advertinsje)