Wurkstraf foar "swier oerspande" boatedief

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De rjochtbank hat in 27-jierrige man út Gerkeskleaster freedtemiddei in wurkstraf fan 120 oeren oplein foar it stellen fan in boat en brânstof. Dat barde ferline jier augustus by De Falom en yn juny dit jier by Koatstertille. De man stelle by De Falom mei twa oaren in boat. In jier letter tape er disel ôf fan in lânboumasine. Neffens de fertochte wie er yn dy tiid swier oerspand, om't er gjin wurk mear hie. De man hat syn ekskuzen oan de dupearren oanbean.