Alle Nederlanners nei finale massastart

10 nov 2017 - 20:11
Irene Schouten wint har heale finale - Foto: awfoto.nl

De fjouwer Nederlânske dielnimmers oan de heale finale fan de massastart ha allegearre de finale helle by de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Arjan Stroetinga, de ferfanger fan Koen Verweij, wûn in tuskensprint en helle sa genôch punten om by de earste acht te kommen. Jorrit Bergsma die krekt itselde.

Irene Schouten en Janneke Ensing wûnen beide harren heale finale. Ensing die dat mei in lange solo, Schouten mei in flitsende einsprint. Ek Heather Bergsma helle de finale, dy't sneontemiddei ferriden wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)