Bergsma oer mislearre ploege-efterfolging: “It lei oan my”

"Ik hie de dei net." Dat sei reedrider Jorrit Bergsma freed nei de ploege-efterfolging op de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. It Nederlânske team mei Jorrit Bergsma, Jan Blokhuijsen en Koen Verweij waard teloarstellend tsiende yn 3.47.56. Súd-Koreä wûn, mei 3.40.20 bleau it trio Noarwegen (3.41.50) foar. Nij-Seelân waard tredde yn 3.42.22.
Neffens Bergsma lei it minne resultaat benammen oan himsels, mar wie ek de kwaliteit fan it iis net goed. "It iis wie sa min, mar dat hiene de oaren fansels ek. Myn start is fansels myn minne punt en sa siet ik fuort al te baggerjen om der by te bliuwen. Dy oaren rieden best, mar ik hie gewoan in hiele minne dei.”
Bergsma tinkt dat syn tarieding net foldwaande wie. “Ik ha miskien te min oan myn snelheid wurke. We moatte it efkes goed analysearje. Oars gong dit altyd best mei de ploege-efterfolging, mar as der ien min is, dan rint it net.”