Wetterskip Fryslân krijt Gemalenpluim 2017

10 nov 2017 - 18:24

Wetterskip Fryslân hat freed de Gemalenpluim 2017 krigen. Dat is in priis fan de Nederlandse Gemalenstichting. Dy set him yn foar it behâld en behear fan weardefolle gemalen. It Wetterskip krijt de priis fanwege de renovaasje fan gemaal Dongerdielen yn Iezumasyl. It gemaal is oanpast oan dizze tiid en tagelyk is der goed rekken hâlden mei de kultuerhistoaryske wearde derfan. Gemaal Dongerdielen is in âld seegemaal út 1931. It lost it tefolle oan reinwetter op de Lauwersmar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)