Wüst, De Jong en Ter Mors ferlieze fan sterk Japan

10 nov 2017 - 18:17

De Nederlânske frouljusploech mei Antoinette de Jong, Ireen Wüst en Jorien ter Mors moast it yn de lêste rit by de ploege-efterfolging ôflizze tsjin Japan. Japan mei Miho en Nana Takagi en Ayano Sato sette in nij wrâldrekôr del: 2.55.77. Dat rekôr wie yn hannen fan Kanada mei 2.55.79. De Nederlânske froulju waarden twadde yn 2.59.06. Kanada einige as tredde yn 3.00.65.

Trefwurden: 
reedriden wrâldbeker Thialf
(Advertinsje)
(Advertinsje)