De Westermar sil opnij opboud wurde op deselde lokaasje

10 nov 2017 - 18:12
Foto: De Vries Media

Sporthal De Westermar yn Burgum sil op deselde lokaasje opnij boud wurde. Dat hat it kolleezje fan de gemeente Tytsjerksteradiel besletten. De sporthal yn Burgum West brânde yn de nacht fan 4 op 5 oktober dit jier folslein ôf. Hoe't dy brân krekt ûntstean koe, wit de plysje nei wiidweidich technysk ûndersyk noch hieltyd net.

De sporthal wie earder al ta oan ûnderhâld, mar troch de brân is no besletten in folslein nije hal op deselde lokaasje del te setten. In projektgroep fan ynwenners tinkt no nei oer hoe't de nije hal en de omjouwing derút komme moatte te sjen. Dat bart yn gearwurking mei de gemeente Tytsjerksteradiel.

Trefwurden: 
De Westermar Burgum
(Advertinsje)
(Advertinsje)