Tennisser Arends yn challengerfinale Bratislava

10 nov 2017 - 17:57
Foto: Omrop Fryslân

Tennisser Sander Arends út Ljouwert hat opnij sjen litten dat er goed yn foarm is. Yn it Slowaakse Bratislava wûn hy freedtemiddei de heale finale fan it challengertoernoai. Tegearre mei syn Kroatyske maat Antonio Sancic wie hy mei 7-5 en 7-5 te sterk foar it Hongaarske koppel Borsos/Fucsovics.

Yn beide sets hiene Arends en Sancic oan ien servicebreak genôch. Sels krigen se gjin inkeld breakpoint tsjin. Yn de finale moatte se tsjin de bruorren Skupski út Ingelân. Ferline wike wienen dy yn Eckental ek al de tsjinstanners fan Arends. Doe waard it 6-2 en 6-4 foar de Ljouwerter en syn maat.

It is foar Arends alwer de fjirde finale yn de lêste fiif toernoaien. By winst yn Bratislava komt hy foar de earste kear yn syn karriêre de top 100 fan de wrâldranglist binnen.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(Advertinsje)
(Advertinsje)