Bergsma, Blokhuijsen en Verweij stelle as ploech teloar

Súd-Koreä hat by de manlju de ploege-efterfolging yn Thialf wûn. Mei 3.40.20 bleau it trio Noarwegen (3.41.50) foar. Nij-Seelân waard tredde yn 3.42.22. Nederlân, sûnder de sike Sven Kramer, stelde teloar mei 3.47.56, de tsiende tiid. It trio Jorrit Bergsma, Jan Blokhuijsen en Koen Verweij hie gjin ferbân yn de ploech. Blokhuijsen sette rap útein en ried letter fier foar syn ploechmaten út.