FIDEO: "Hearlik, in wykein lang allinnich mar films sjen"

10 nov 2017 - 17:13

It Noordelijk Filmfestival is alwer oan de tredde dei ta. Tûzenen minsken sitte dizze dagen yn it tsjuster om foar efkes in oare wrâld te belibjen. It festival is woansdei offisjeel iepene mei de Noarske film Thelma, dy't fertoand waard yn De Harmonie. Mar wa komt der alle jierren nei dit filmfestival ta en wêrom wol ien dagen yn it tsjuster sitte mei tsientallen frjemde minsken?

Yn Festival Folk freegje wy alle dagen besikers fan it festival nei harren ûnderfiningen en mieningen. Hjoed prate we yn diel twa mei de 51-jierrige Grietje van der Molen út Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)