Fryske keatsers meitsje har klear foar WK yn Kolombia

10 nov 2017 - 17:07

In groep Nederlânske keatsers reizget tongersdei nei Kolombia foar it WK keatsen. Op dat WK wurdt keatst yn fjouwer dissiplinen: it llargues, it ynternasjonaal spul, it muorrekeatsen en it Kolombiaanske chaza.  De froulju dogge allinnich mei oan it muorrekeatsen. Dit wykein docht in diel fan de WK-keatsers noch mei oan in toernoai yn De Trije yn Frjentsjer. Sneintemiddei is dêr de presintaasje fan de WK-ploech en is ek it útswaaimomint.

It team fan bûnscoaches Marten Feenstra en Geert Vandervelden bestiet by de manlju út Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar, Kees van der Schoot, Sjoerd de Jong, Hendrik Kootstra, Enno Kingma en Jelte Pieter Dijkstra. By de froulju komme Miranda Scheffer, Harmke Siegersma en Marrit Zeinstra yn aksje.
 

Trefwurden: 
Kolombia keatsen WK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)