Sealfuotbaltoernoai Tytsjerksteradiel Cup giet net troch

© Omrop Fryslân, Jaring de Groot
De Tytsjerksteradiel Cup giet dit jier net troch. It sealfuotbaltoernoai foar fuotbalklups yn de gemeente Tytsjerksteradiel fûn altyd plak yn sporthal De Westermar yn Burgum. Troch de brân fan begjin oktober moast de organisaasje op syk nei in oare seal.
Dat is úteinlik net slagge, om't der yn de omjouwing net in soad hallen binne dêr't in soad publyk telâne kin. Boppedat sitte hast alle sporthallen yn de krystfakânsje al fol mei oare fuotbaltoernoaien. It gefolch is dat de 39ste edysje fan de Tytsjerksteradiel Cup dit jier net trochgiet.