Fûgelhelling Oerterp krijt bydrage fan Súdwest-Fryslân

10 nov 2017 - 16:52

De Fûgelhelling yn Oerterp krijt finansjele stipe fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De biste-opfang en de gemeente binne oerienkaam dat de Fûgelhelling oant 2022 in jierlikse fergoeding krijt fan 3.250 euro. It bestjoer fan de Fûgelhelling hopet dat ek oare gemeenten harren no stypje sille mei in bydrage.

(Advertinsje)
(Advertinsje)