FIDEO: Doarpshûs Winaam ûnder hannen naam

10 nov 2017 - 16:49

Mei de 75.000 euro dy't it doarpshûs fan Winaam dizze wike krigen hat fan de gemeente Harns is de ferbouwing wer in stik tichteby. En dat mei ek wol, want it gebou wurdt yntinsyf brûkt troch in soad ferskate ferieningen. It doarpshûs waard boud yn 1982 en is yn al die jierren net feroare. De ferbouwing kostet yn totaal hast fjouwer ton. Dêrmei wurdt de keuken fernijd, de bar fergrutte en wurdt der in hiel nij stik byboud foar gearkomsten. De wurksumheden sille yn de maitiid fan 2018 begjinne en de planning is dat it yn septimber klear is.

Trefwurden: 
doarpshûs Winaam
(Advertinsje)
(Advertinsje)