Nao Kodaira wint mei oermacht en baanrekôr de 500 meter

10 nov 2017 - 16:44

Nao Kodaira hat de 500 meter wûn by de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Op it iis fan Thialf ried de Japanse wrâldkampioen sprint mei 37.29 in nij baanrekôr. De Súd-Koreaanse Sang-Hwa Lee waard twadde yn 37.60, de Russise Angelina Golikova tredde mei 37.67.

De Fryske froulju spilen in byrol. Janine Smit fan It Hearrenfean waard fyftjinde yn 38.65, Letitia de Jong sechstjinde yn 38.66 en Marrit Leenstra santjinde yn 38.77. Heather Bergsma ried 38.50, goed foar it trettjinde plak.

Trefwurden: 
reedriden wrâldbeker Thialf
(Advertinsje)
(Advertinsje)