Hartcentrum Friesland foar twadde kear bêste fan Nederlân

10 nov 2017 - 16:37

Hartcentrum Friesland yn it Ljouwerter MCL komt foar it twadde jier op rige as bêste út in fergeliking tusken de 16 hertsintra fan Nederlân. Alle hertsintra leverje dêr gegevens foar oan en op 23 novimber wurde de resultaten offisjeel iepenbier makke. Ien fan de wichtige kritearia dêr't nei sjoen wurdt, is hoefolle pasjinten in yngreep oerlibje. Neffens kardiotorakaal sjirurch John Bol Raap fan it Ljouwerter sikehûs komt de goede posysje fan it hertsintrum mei trochdat der hiel goed gearwurke wurdt. It MCL stribbet nei it ynstellen fan in learstoel foar Bol Raap, sadat hy as bysûnder heechlearaar lesjaan kin oer syn spesjalisme yn de hertsjirurgy.

In oare reden foar de goede skoare is de wurksfear yn Hartcentrum Friesland. Dy wurdt omskreaun as in sfear wêryn't kollega's inoar oansprekke kinne, sûnder dat sy harren oanfallen fiele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)