Ferkiezingen: By wa mei Bauke Deelstra útfanhûs?

10 nov 2017 - 15:43
Bauke Deelstra útfanhûs yn Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân,

Wat spilet der yn de sân gemeenten dêr't op 22 novimber ferkiezingen hâlden wurde? Binne der grutte ferskillen te sjen tusken de ferskate gebieten, en hokker ûnderwerpen wurde as wichtich sjoen? Trije ferslachjouwers fan Omrop Fryslân sille in wike lang op ûndersyk út yn de nij te foarmjen gemeenten.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra is ien fan harren. Hy dompelet him takom wike as vlogger en radioferslachjouwer in wike lang ûnder yn de gemeente Súdwest-Fryslân. In gemeente dy't al in grutte weryndieling achter de rêch hat, en dy't no in lyts stikje Littenseradiel derby krijt. Hoe sjogge de ynwenners fan bygelyks Wommels nei de weryndieling, en de grutte gemeente dêr't se daliks byhearre sille? En hawwe de ynwenners fan Reahûs deselde soargen as dy yn Starum? Bauke siket it út, en hy is ek noch op syk nei in sliepplak, want de ferslachjouwers meie in wike lang echt ûnderfine wat it is om ynwenner te wêzen fan de nije gemeente.

- Omskriuw (koart) de gemeente dêr'tst hinne giest?
Ik sil nei Súdwest-Fryslân. Foar my as Wâldman betsjut it dus dat ik nei de oare kant fan Fryslân ta sil. As ferslachjouwer fan de Omrop mei ik altyd graach yn dy regio komme. Ik bliuw my fernuverjen oer de romte yn it súdwesten fan ús provinsje.

- Hoe giest de gemeente yn, hoe riedst dy ta?
It is myn doel om alle hoeken fan Súdwest-Fryslân oan bar komme te litten. Dat wurdt noch knap lestich, omdat Súdwest-Fryslân de grutste gemeente fan Nederlân is. As tarieding sil ik dus earst efkes goed op de kaart sjen. Afke, Lennie en ik sille ús mei ferskillende tema’s dwaande hâlde, lykas ferkear, soarch en ekonomy. It is myn doel om ûnbefongen de gemeente yn te gean. Dan fernim ik it bêste wat der spilet.

- Nei hokker ferhalen silst op syk?
Foar in sjoernalist is it eins it moaiste as der serieuze problemen binne, want dy ferhalen skoare it bêste. As minken harren soargen meitsje, dan sil dat ek grif oan bar komme. Mar wat foar my it wichtichste is, is dat de minsken earlik binne oer de sitewaasje yn harren gemeente. As minsken bliid binne mei guon saken, dan mei dat ek bêst sein wurde.

- Wêr fregest wol of krekt net nei?
Foar my binne alle punten besprekber, no ja hast alle ;-). It wichtichste fyn ik dat de minsken stimulearre wurde om 22-11 te stimmen. It soe skande wêze as minsken harren stim net jilde litte. It is dêrom net ferkeard om de ynwenners in bytsje te prikkeljen yn de fraachstelling.

- Wat ferwachtest te hearren?
Dat is it leuke, want ik ha gjin idee. Ik stie der folslein ‘blanko’ yn. Ik sjoch wol wa’t ik tsjin kom en wat dy ynwenners fan Súdwest-Fryslân oan my te fertellen hawwe. As jim yn de wike fan 13-19 novimber in blonde krollebol yn jim wenplak sjogge, stap der dan ek rêstich op ôf, want ik bin benijd nei jo ferhaal.

De vlogs fan Bauke binne fan takom wike moandei ôf werom te finen op de spesjale temaside. Minsken dy't in bêd of in ferhaal hawwe foar Bauke kinne kontakt mei him opnimme fia redaksje@omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)