Maurice Paardenkooper wurdt nije coach 470-sylsters

10 nov 2017 - 15:40
Sylcoach Maurice Paardenkooper fan Frjentsjer - Foto: ANP

Sylcoach Maurice Paardenkooper fan Frjentsjer is de nije coach fan de sylsters Afrodite Zegers en Anneloes van Veen. Hy folget de Gryk Nikos Drougkas op. It sylduo yn de 470-klasse wurke al gear mei Paardenkooper by in trainingsstaazje yn Japan. Dy gearwurking befoel sa goed dat besletten is om in kontrakt oant de Spelen fan 2020 oan te gean.

It is net foar it earst dat de sylsters en de coach gearwurkje. By de Olympyske Spelen yn 2008 yn Peking wûnen se ûnder lieding fan Paardenkooper sulver yn de Yngling klasse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)