LF2018 siket ferhalefertellers foar iepeningswykein

10 nov 2017 - 14:26

It iepeningswykein fan Ljouwert Fryslân 2018 kriget hieltyd mear foarm. It begjint op freed 26 jannewaris rûnom yn de provinsje mei it fertellen fan ferhalen. Op de sneon is it de bedoeling dat de binnenstêd fan Ljouwert brûst fan aktiviteiten mei as hichtepunt ien grutte útfiering fan it nûmer 'Seis oere thús' fan Nynke Laverman, de titelsong fan Kulturele Haadstêd.

De organisaasje rint op skema, der wurdt allinnich noch socht om ferhalefertellers, seit de artistyk lieder fan it projekt Ira Judkovskaya. Op www.2018verhalen.nl kinne ferhalefertellers harren fan nije wike ôf oanmelde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)