"De gewoane man is molkko en dy wurdt twa kear deis molken!"

It kabinet skrast de dividindbelesting. Dat is moai foar de bûtenlânske oandielhâlders, mar it skeelt ús lân wol 1,4 miljard euro oan ynkomsten. Guon neame it sjantaazje fan de grutte bedriuwen, oaren sjogge it as in tûke ynvestearring om multinasjonals nei Nederlân te lûken en hjir te hâlden. Op de Ljouwerter freedsmerk oerhearske it synisme: "It is skandalich! De gewoane man finansieret mei de hegere BTW de belestingferleging foar rike bûtenlanners! Wy bin molkkij en wurde twa kear deis molken."
Mar oar lûd wie der ek: "Er is niks mee. We moeten daar niet zo simpel over denken. Het gaat om veel werkgelegenheid. En natuurlijk zetten de partijen zoiets niet in hun partijprogramma want dat komt niet sympathiek over." Wer oaren tinke dat it in kwestje fan freontsjespolityk is: "Twa ministers komme by dy bedriuwen wei en wolle dêr daliks ek wer hinne!"