Snits WS wint fan Longa '30

30 okt 2011 - 15:00
Foto: Omrop Fryslân

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat in knappe útwinst helle by SV Longa '30 út Lichtenvoorde. Trainer Johan Groote seach syn ploech mei 3-0 winnen en sadwaande de oansluting finen mei de subtop. De einstân waard al by rêst behelle, troch in sterke start fan de Snitsers.

Nei 12 minuten skoarde Ramon Giro Batalla. Nei in heal oere skeat Freerk de Jong de twadde der yn. Foar it skoft waard it noch 3-0, troch in twadde goal fan Giro Batalla.

(Advertinsje)
(Advertinsje)