Soarchpreemje De Friesland licht omheech

10 nov 2017 - 12:24

De soarchpreemje fan De Friesland Zorgverzekeraar giet takom jier licht omheech. Minsken dy't in fersekering hawwe, moatte twa euro yn 'e moanne mear betelje, dit is in stiging fan 1,7 persint. Dit betsjut in stiging fan 24 euro op jierbasis.

Neffens de fersekerder hawwe se hast 22 miljoen euro fan it eigen fermogen ynsette moatten om de stiging fan de preemjes te beheinen. De soarchkosten nimme ûnder oaren ta troch hegere personielskosten en hegere tariven yn de soarch.

De Friesland warskôget dat der wol in grins sit oan it ynsetten fan de eigen reserves om de preemjestiging te beheinen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)