Lintsje foar grutte sportfrijwilliger Zwart

10 nov 2017 - 12:46
Wolter Zwart (rjochts) mei boargemaster Tjeerd van der Zwan - Foto: Timsimaging.nl

Frijwilliger Wolter Zwart fan It Hearrenfean is freedtemoarn yn syn wenplak keninklik ûnderskieden. Boargemaster Tjeerd van der Zwan beneamde him ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. De 69-jierrige Zwart is 50 jier aktyf as bestjoerslid en frijwilliger yn it hurdfytsen by hurdfytsferiening Olympia op It Hearrenfean en it distrikt Noard. Ek is hy al 50 jier organisator fan de frijwilligersorganisaasje fan stewards en parkearwachter fan de Koninklijke IJsvereniging Thialf en 20 jier bestjoerslid fan frijwilligersorganisaasje Aktie '67 fan SC Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)