"Skipswerf Makkum neamd yn Paradise Papers"

10 nov 2017 - 11:41
Skipswerf De Vries yn Makkum - Foto: Omrop Fryslân

De skipswerf fan De Vries yn Makkum wurdt neamd yn de Paradise Papers, de miljoenen dokuminten dy't útlekt binne oer belestingûntdûking troch superrike minsken. Dat melde Trouw en it Financieel Dagblad. By De Vries waard in skip fan goed 200 miljoen euro boud foar in Russyske miljardêr. It kontrakt waard tekene mei in fennoatskip yn Belize, mar al wilens de bou waard it trochferkocht en gie it fia belestingparadizen úteinlik nei de frou fan de miljardêr.

Oft Feadship, dêr't De Vries ûnder falt, op de hichte west hat fan dizze konstruksje, is net dúdlik. De gegevens binne neffens Trouw en it Financieel Dagblad net te efterheljen. By Feadship wie noch net ien beskikber foar kommentaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)