Nije gemeente Waadhoeke begjint mei begruttingsoerskot

10 nov 2017 - 11:33

De nije gemeente Waadhoeke begjint mei in begruttingsoerskot fan hast 1,2 miljoen euro. Dat betsjut dat der foar de nije gemeenteried romte is foar nij belied. De begrutting wie in flinke puzel omdat alle ferskate regelingen gelyk lutsen wurde moatte. De totale belestingopbringst is foar Waadhoeke sawat gelyk oan wat der dit jier troch de ferskate gemeenten ynbard is. Ynwenners en bedriuwen fan de fjouwer doarpen fan Littenseradiel dy't by de fúzjegemeente komme, moatte wat mear betelje. De ynwenners fan de oare doarpen bliuwe op itselde belestingnivo.

It sportbeleid fan It Bilt, Menameradiel, Littenseradiel en Frjentsjerteradiel hat no noch in grut ferskaat oan regelingen. Dy moatte noch op elkoar ôfstimd wurde. Dat bart yn oerlis mei de sportferieningen.

Trefwurden: 
Waadhoeke begrutting
(Advertinsje)
(Advertinsje)