Mooglik heger berop oer wynpark Nij Hiddum-Houw

Emoasjes oer komst wynmûnepark Nij Hiddum-Houw kop Ofslútdyk © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De Stifting Hou Friesland Mooi giet mooglik yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochter oer it wynpark Nij Hiddum-Houw by de Ofslútdyk. Dy bepaalde dat de provinsje trochgean kin mei de prosedueres foar it park. Hou Friesland Mooi woe de plannen mei in koart pleit tsjinhâlde. No't dat net slagge is, riedt de stifting him ta op in proseduere by de Ried fan Steat. Ek wol de stifting fan de provinsje de kâns en tiid krije om syn alternative plan fierder út te wurkjen. De rjochter fûn dit in reedlik fersyk.