Gemeentlike stimwizer oer minskerjochten

Stimme © ANP XTRA
De wurkgroep Ljouwert fan Amnesty International hat in stimkompas makke. Dêryn stiet hokker stânpunten de partijen yn de gemeenteried fan Ljouwert hawwe oer ûnderwerpen dy't te krijen hawwe mei minskerjochten. De stimwizer bestiet út 17 fragen oer bygelyks diskriminaasjebeleid en flechtlingen. It kompas jout gjin stimadvys. Wol krije kiezers per tema en per partij de stânpunten fan de partijen op de 17 fragen.