Brêgejild ôfskaft yn gemeente Hearrenfean

De Boarn yn Akkrum © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De gemeente Hearrenfean skaft it brêgejild ôf. Dat hat de ried tongersdeitejûn besletten by de behanneling fan de begrutting foar takom jier. D66 wie mei it foarstel kaam. FNP en GroenLinks tsjinnen it idee mei yn. It inisjatyf krige stipe fan de oare partijen. D66 is bliid dat der no in ein komt oan it brêgejild. De partij fynt soks net passen by in gemeente dy't wetterrekreaasje wichtich fynt.