Knegt opnij diskwalifisearre yn Shanghai, Schulting troch

10 nov 2017 - 08:53
Foto: AWfoto.nl

Sjinkie Knegt is by de wrâldbekerwedstriden yn Shanghai, Sina, opnij diskwalifisearre op in ôfstân. Tongersdei krige de 28-jierrige Bantegeaster in straf yn de earste ronde op de 500 meter, freed gie it foar de klassemintslieder mis yn de foarronde op de 1.000 meter. Dennis Visser fan De Lemmer kaam noch wol troch de foarronde, mar gie der dêrnei yn de earste ronde út.

Suzanne Schulting fan De Tynje helle de kwartfinale op de 1.000 meter wol. De Friezinne wûn sawol har foarronde as de earste ronde. De kwartfinale stiet fpar snein op it programma.

Oflossing

De frouljus ôflossingsploech hat freed de heale finale berikt. Se wûnen harren searje fan Kanada, Dútslân en Grut-Brittannië. By de froulju die njonken Schulting ek Rianne de Vries fan Akkrum mei, dy't nei in ankelbreuk yn july op de wei werom is.

De manljusploech, mei in folslein Frysk team besteande út Knegt, Visser, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat, waard útskeakele yn de searjes. Se waarden tredde yn in rit mei Hongarije, Frankryk en Australië. De heale finale wurdt sneon riden.

Troch de útskeakeling op de 500 meter, 1.000 meter en ôflossing, komt Knegt dit wykein allinnich noch yn aksje op de 1.500 meter. Hy stiet sneon yn de heale finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)