FIDEO: Ofspraken op Noardlike klimaattop yn Grins

09 nov 2017 - 19:35

It bedriuwslibben en de oerheden ha tongersdei op de Noardlike klimaattop yn Grins ôfspraken makke oer it werombringen fan de CO2-útstjit en it besparjen fan enerzjy. It doel is dat de trije Noardlike provinsjes yn 2050 folslein enerzjyneutraal binne. Njonken Fryslân, Grinslân en Drinte wiene der ek goed 150 bedriuwen en oare ynstellingen op de klimaattop. Mei-inoar sjogge se it belang fan it besparjen fan enerzjy yn en meitsje se hurde ôfspraken oer duorsumens.

Trefwurden: 
klimaattop
(Advertinsje)
(Advertinsje)