FIDEO: Noordelijk Film Festival yn Ljouwert

09 nov 2017 - 22:30

Ljouwert stiet dizze dagen yn it ramt fan films en dokumintêres, want dêr is ien fan de grutste kulturele eveneminten fan it Noarden oan 'e gong: it Noordelijk Film Festival. Tsientûzenen minsken komme dizze dagen nei Slieker, Neushoorn en De Harmonie om de bêste films fan it Noarden te besjen. Presintator Arjen de Boer wie yn De Harmonie en prate mei de programmeur fan it filmfestival Fredau Buwalda, filmresinsint Asing Walthaus fan de LC en Joris Hoebe, filmmakker en karlûker foar it Frysk Film Platform.

(Advertinsje)
(Advertinsje)