Te waarm yn Lake Placid: Fryske bobsliders net yn aksje

09 nov 2017 - 21:47

It oankommende wykein stie read omsirkele yn de aginda fan de Fryske bobsliders Dennis Veenker en Jeroen Piek, mar no docht bliken dat it foar neat is. De earste wrâldbekerwedstriden soene plakfine yn it Amerikaanske Lake Placid, mar dêr is it te waarm. Dêrtroch is it iis op de baan net goed genôch en komt de fjouwermansbob net yn aksje. Veenker en Piek sitte dus dit wykein noch oan 'e kant.

"It is knap ferfelend", sa seit Veenker. "It is hjir de hiele wike al boppe de tsien graden. Dan krije se de ûnderlaach fan it iis net goed. As der dan 40 sliden fan sa'n 400 kilo nei ûnder geane, brekt it iis gewoan ôf." Takom wike wurde de wedstriden ynhelle yn Park City yn Amearika. "We hebben begrepen dat het in Park City een stuk kouder is. De vooruitzichten lijken daar een stuk beter dan in Lake Placid", fertelt Piek.

De Nederlânske bobsliders moatte harren yn de wrâldbekerwedstriden pleatse foar de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. Dêrfoar moat se yn it wrâldbekerklassemint by de earste tolve einigje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)