Ferwûne by útslaande brân op skip yn Harns

09 nov 2017 - 21:24

De brânwacht fan Harns is tongersdeitejûn útriden foar in brân op in boat yn de stêd. It gie om in útslaande brân yn in skip oan de Rozengracht, oan de súdkant fan it sintrum. Der is ien persoan ferwûne rekke, dy is behannele troch ambulânsepersoniel. De brânwacht hat in blusboat ynset. By de koarte en fûle brân kamen meardere gasflessen ta ûntploffing. Dêrtroch moast de brânwacht op paste ôfstân blusse. It skip gie folslein ferlern.

Trefwurden: 
brân skip Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)