"Fergoeding riedsleden lytse gemeenten moat omheech"

De fergoeding foar riedsleden yn lytse gemeenten moat omheech. As dit noch foar de kommende gemeenteriedsferkiezingen bart, kin dit mooglik de ynteresse fan mear kandidaten opsmite. Dat skriuwe de Feriening fan Nederlânske Gemeenten, de Feriening fan Griffiers en de Nederlânske Feriening foar Riedsleden yn in brief oan de minister fan Ynlânske Saken, Kajsa Ollongren.
Grutte ferskillen
Njonken in hegere fergoeding sjogge de ferieningen ek graach dat de tarieding en oplieding fan riedsleden yn gemeenten oant 40.000 ynwenners fersterke wurdt. De hichte fan de fergoeding fan riedsleden is ôfhinklik fan it tal ynwenners fan de gemeente. Yn lytse gemeenten, sa as Skiermûntseach of Flylân, krije de politisy ûngefear 250 euro yn de moanne. In riedslid yn Amsterdam, Rotterdam of Den Haag krijt mei 2352 euro hast tsien kear safolle.
Hege wurkdruk
Ek de wurkdruk ûnder riedsleden is heech, sa skriuwe de ferieningen. Neffens har ûnderfynt 86 persint fan de riedsleden in hege oant hiel hege wurkdruk. De kombinaasje fan it riedslidmaatskip en in gewoane baan soe neffens de ferieningen goed regele wurde moatte.
De Twadde Keamer debattearret takom wike oer de begrutting fan it ministearje fan Ynlânske Saken fan folgjend jier.