Wurkstraf easke tsjin feroarsaker oanriding De Westereen

09 nov 2017 - 20:54
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tsjin in 58-jierrige man út De Westereen is tongersdeitemiddei in wurkstraf fan tachtich oeren easke, om't er foarich jier desimber op syn scooter in fuotgonger yn syn wenplak oanriden hat. Ek easke de offisier fan justysje in rydûntsizzing fan in jier, ûnder betingst. De scooterrider hie in fuotgonger dy't syn hûn útliet fan efteren oanriden. De Westereender hie tefolle dronken en fertelle dat hy it slachtoffer nea sjoen hat.

De scooterrider rûn ferskate ferwûningen oan syn holle op. It slachtoffer hie nei it ûngelok in harsenskodding en in brutsen skonk. De feroarsaker moat ek de kosten fan it ûngelok betelje, sa liet de fersekerder witte. Dy kosten binne goed 12.000 euro.

De Ljouwerter rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)