Undernimmers Drachten driigje: "Wy gean iepen op keapsnein"

09 nov 2017 - 20:25

In grutte groep ûndernimmers yn Drachten is lilk op de gemeente Smellingerlân. Sa'n 40 oant 50 ûndernimmers yn it sintrum fan Drachten wolle op 24 en 31 desimber graach iepen. Mar dat mei net om't dy dagen op snein falle en der yn Smellingerlân gjin keapsneinen binne. De gemeente wol ek foar dy beide sneinen yn desimber gjin útsûndering meitsje. Dêr binne de Drachtster ûndernimmers net bliid mei. Yn omlizzende plakken lykas Beetstersweach en De Gordyk binne winkels dy dagen nammentlik wol iepen.

"We sjogge no ús klanten nei oare gemeenten gean. Ik fyn it ferskriklik", fertelt Ruth Hut fan kleanwinkel La Moda. Neffens har riskearje ûndernimmers dy't wol iepengean op dy dagen in boete fan 10.000 euro. Hut docht in oprop oan de gemeente: "Ik hoopje dat se no wol in kear mei de ûndernimmers meitinke. Se sizze dat se dat dogge, mar yn de praktyk is dat net sa." It grutste part fan de groep ûndernimmers lit harren beslút ôfhingje fan de gemeente. It oare diel giet beslist iepen, ek al mei dat net fan Smellingerlân.

De gemeente Smellingerlân jout oan dat as de ûndernimmers dochs op snein iepengean, se maatregels ferwachtsje kinne. Hokker maatregels dat krekt binne, wit de gemeente noch net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)