Kramer net by 1500 meter en ploege-efterfolging yn Thialf

Sven Kramer © awfoto.nl
Sven Kramer docht kommend wykein by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean net mei oan de 1500 meter en de ploege-efterfolging. Kramer hat in ynfeksje oan syn luchtwegen oprûn en kin dêrtroch freed en sneon net it iis fan Thialf op. Oft Kramer snein wol de fiif kilometer rydt, is noch net dúdlik. ''Ik kin mei myn sûnens gjin risiko nimme'', fertelt Kramer, dy't sneon op de 1500 meter ferfongen wurdt troch earste reserve Kjeld Nuis.
Op It Hearrenfean wurdt dit wykein de earste wrâldbekerwedstriid fan dit seizoen ferriden. Takom wike gean de reedriders nei it Noarske Stavanger. Kramer wûn ein oktober goud op de 5000 meter by de Nederlânske ôfstânskampioenskippen. Ek wie der in sulveren medalje op de 10.000 meter en brûns op de 1500 meter.