SC Hearrenfean spilet lyk yn oefenduel tsjin Werder Bremen

09 nov 2017 - 19:51

Sportklup Hearrenfean hat tongersdeitejûn in lyk spul behelle yn de oefenwedstriid tsjin SV Werder Bremen. Yn it Dútske Aurich waard it 2-2 tusken de twa ploegen. De Feansters stienen lange tiid op foarsprong, troch in doelpunt fan Pelle van Amersfoort yn de earste helte. Tweintich minuten foar tiid kaam Werder Bremen op likense hichte en troch in goal fan Kruse waard it sels 2-1. Yn de njoggentichste minút stelde Jordy Bruijn it punt feilich foar Hearrenfean.

Hearrenfean spile sûnder Reza Ghoochannejhad, Marco Rojas, Denzel Dumfries, Morten Thorsby en Martin Ødegaard. Sy spylje dizze wike mei harren lân. Sa spilet Rojas mei Nij-Seelân yn twa wedstriden tsjin Peru foar in plak op it WK.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)