Noarden krijt achttjin emisjefrije Arriva-treinen

09 nov 2017 - 18:10
Foto: Arriva

Oer inkelde jierren ride der achttjin emisjefrije treinen fan Arriva oer it spoar yn Noard-Nederlân. De ferfierder hat dêrfoar tongersdei in kontrakt ûndertekene mei treinfabrikant Stadler. Njonken de nijbou fan de útstjitfrije treinen wurde ek 51 oare treinen fan Arriva folslein renovearre. Yn totaal giet it om in oarder fan goed 170 miljoen euro.

De nije treinen binne net allinne duorsum, mar sille ek folle minder leven meitsje. Letter dizze moanne bringt de ferfierder in besite oan it fabryk fan Stadler yn Switserlân. Dêr sil besletten wurde hoe't de nije treinen der fan binnen út komme te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)