FIDEO: Filmfestival Folk

09 nov 2017 - 18:47

It Noordelijk Film Festival lûkt alle jierren mear as 20 tûzen minsken nei Ljouwert ta. De kommende dagen sille stedsskouboarch De Harmonie, poppodium Neushoorn en filmhûs Slieker it dekôr wêze fan it barren. It festival is woansdei offisjeel iepene mei de Noardske film Thelma, dy't fertoand waard yn De Harmonie. Mar wa komt der alle jierren nei it filmfestival, en wêrom wol immen dagenlang yn it tsjuster sitte mei tsientallen frjemde minsken? Yn Filmfestival Folk freegje wy alle dagen besikers fan it festival nei harren ûnderfinings en mienings. Hjoed prate wy mei de 73-jierrige Ans Kok út Velp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)