Beswieren tsjin wynpark Nij Hiddum-Houw ôfwiisd

09 nov 2017 - 17:19

De provinsje kin trochgean mei de prosedueres foar it wynpark Nij Hiddum-Houw by de Ofslútdyk. De rjochter hat de beswieren fan de Stichting Hou Friesland Mooi ôfwiisd. De stichting hat tongersdei mei in koart pleit besocht de plannen tsjin te hâlden, omdat de ynspraakproseduere net goed gien wêze soe. Hou Friesland Mooi hie in alternatyf plan makke en hie wollen dat Deputearre Steaten dêr nei sjoen hie. Dat is net bard, mar de rjochter fynt dat Deputearre Steaten neat ferkeard dien ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)