Skeppe yn de grûn foar sinnepark Ljouwert

09 nov 2017 - 17:14

By Ljouwert is úteinset mei de oanlis fan de earste fan trije grutte sinneparken by de Heak om de stêd hinne. Doe't der plannen makke waarden foar de Heak is ôfpraat dat de dyk duorsumer wêze moatte soe as in tradisjonele dyk. Dêrom wurdt ûnder oare LED-ferljochting brûkt. Mar der is ek besletten dat der duorsume enerzjy opwekt wurde sil by de dyk del. Troch de oanlis fan de Heak binne lokaasjes ûntstien dy't gjin funksje mear hawwe. Dy binne geskikt om sinnepanielen del te setten. It earste park dêr't no mei begûn is, leveret aanst enerzjy foar tûzen húshâldens.
 

(advertinsje)
(advertinsje)