Stimbus foar 'It moaiste fan Fryslân' slút hast

Wa't noch net stimd hat op 'It moaiste fan Fryslân', moat dat gau dwaan. Allinnich dizze wike kin der noch in stim útbrocht wurde op it moaiste objekt yn ús provinsje. Op it stuit lizze it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer en de Wetterpoarte yn Snits flak byinoar yn de striid om it earste plak.
De ferkiezing sette earder dit jier útein mei in top 100. Dêr bin no noch tsien finalisten fan oer. Oant no ta binne der 44.000 stimmen útbrocht. De stimbus giet dizze sneon om tolve oere ticht. Tongersdeitejûn wurdt de lêste ôflevering fan it programma útstjoerd by Omrop Fryslân. De winner wurdt op 16 novimber bekend makke yn in spesjale útstjoering fan Fryslân Hjoed.