Jild foar Marrumer molkfabryk brûkt om te winkeljen

09 nov 2017 - 16:38

Tsjin de eks-direkteur fan it kulturele sintrum yn Marrum is 100 oeren wurkstraf easke, omdat er 120.000 euro subsydzjejild fertsjustere hat. It jild wie bedoeld foar de ferbou fan it âld molkfabryk, mar de man boekte it oer nei syn eigen rekken en dy fan syn dochter en eks-frou. Hy hat it jild ûnder oare útjûn yn winkels, kafees en yn in seksklup. De man fynt net dat er jild fertsjustere hat. Hy kin it net bewize, om't de finansjele administraasje neffens him stellen is. Hy erkent wol dat er in drankprobleem hat en dat er dêr ek in soad jild oan útjûn hat.
 

Trefwurden: 
justysje fertsjustering
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)