Wurkstraf foar neakene Snitser dy't scooterrider mishannele

09 nov 2017 - 16:14

In 22-jierrige man út Snits hat tongersdei in wurkstraf fan 60 oeren krigen, omdat er fan 't simmer midden yn it stedssintrum al syn klean útdie en mei syn spultsje slingere. Ek skopte er koart dêrfoar in man fan syn scooter.

De Snitser woe op de scooter sitte, mar it slachtoffer stie dat net ta. De Snitser smiet bier oer de scooter en joech de scooterrider in traap yn de rêch en klappen, doe't dy fuortride woe. Dêrnei gong de Snitser út 'e klean en begûn er te razen. Neffens tsjûgen, wêrûnder bern, wie de fertochte dronken. Neist de wurkstraf moat de man de scooterrider hast tûzen euro skeafergoeding en smertejild betelje.

Trefwurden: 
mishanneling neaken Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)