Gjin keapsnein mei de feestdagen yn Achtkarspelen

09 nov 2017 - 15:45
Foto: ANP

Winkels yn Achtkarspelen meie net ekstra iepen op de snein foar de krystdagen en op âldjiersdei. Dat sizze boargemaster en wethâlders yn antwurd op fragen fan Gemeente Belangen Achtkarspelen. Neffens dy partij soe it foar it winkeljend publyk en foar de ûndernimmers in goeie saak wêze as de winkels dy sneinen iepen wêze mochten. Minsken kinne it boadskipjen dan better spriede en foar de befoarrieding fan de winkels soe it ek better wêze. Mar Achtkarspelen hat gjin keapsnein. Dat is fêstlein yn de gemeentlike regels en dêr kin neffens B en W gjin ûntheffing foar jûn wurde.

Trefwurden: 
Achtkarspelen keapsnein
(Advertinsje)
(Advertinsje)