Kolleezje Achtkarspelen wol jild stekke yn IIstidemuseum

It IIstidemuseum yn Bûtenpost moat 10.000 euro krije fan Achtkarspelen. Dat fynt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente. It jild is nedich om oan te sluten by de nijbou fan De Kruidhof, dêr't it IIstidemuseum by ynsit. Beide partijen wolle mei syn twaen in totaalkompleks wurde. No't der in soad feroare en ferbettere wurdt oan de Kruidhof, hat it IIstidemuseum ek ferlet fan fernijingen. De gemeenteried moat noch stimme oer it foarstel fan it kolleezje.