Pakketsjepakker krijt wurkstraf

09 nov 2017 - 15:10
Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

In âld-meiwurker fan it sortearsintrum fan PostNL hat in wurkstraf fan 60 oeren krigen omdat er postpakketsjes efteroer drukt hat. Dêr sieten meastentiids goedkeape horloazjes en sieraden yn. De man út Ljouwert dielde dy út oan syn freonen. Neffens syn advokaat wie dat omdat er himsels bewize woe. Doe't de saak útkaam, waard er ûntslein. Njonken dat er in wurkstraf krigen hat, moat de man PostNL ek 400 euro skeafergoeding betelje.

Trefwurden: 
justysje PostNL
(Advertinsje)
(Advertinsje)