FIDEO: Dûnsje mei Wiebe

09 nov 2017 - 17:33

Wiebe Kaspers, de Fryske sjonger en muzikant, is mei syn band op syk nei dy! En nei dyn liif en bewegingen bynammen. Se binne nammentlik fan doel om in bysûnder klip op te nimmen fan foar har nûmer 'Sjoch it ljocht". "Wy wolle takom wike by de klipopnames safolle mooglik minsken mei ús meidwaan litte," sa seit Kaspers. It is de bedoeling om mei de band in ienfâldige dûns te dwaan. "Wy wolle minsken yn beweging sette. Net by de pakken delsitte, nee opstean, en derfoar gean. Dat is it motto wat wy útdrage wolle, ek yn de oanrin nei KH2018."

It is de bedoeling dat minsken in dûnske leare, en dat de fideoklip foar in part mei in drone filme wurdt. De ynstruksjes foar it dûnske binne werom te finen op youtube. Presintator Arjen Overmaat en producer Martine van der Steege hawwe tongersdei it dûnske al besocht.

Trefwurden: 
Wiebe Kaspers muzyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)